Glêsiel útset yn Frysk wetter

De takomst fan 'e ielfiskerij liket rêden. Ferspraat oer de provinsje wurde tongersdei en freed in miljoen stiks glêsiel útset. Op 'e Sleattemermar binne tongersdei de earste 180.000 glêsieltsjes yn it wetter getten. De ieltsjes komme út Frankryk en moatte yn de Fryske marren folwoeksen wurde.
It grutste part fan de fisken wurdt, as se grut binne, oer de seedyk set om te pearjen yn de Sargassosee by Kuba. It oare part is bestimd foar konsumpje.