Maatregels Snits tsjin Lidl

29 apr 2010 - 15:22
  • Foto: Omrop Fryslân

De Lidl yn Snits foldocht net oan 'e lûdseasken fan 'e gemeente. Dy tinkt no nei oer stappen om de supermerk oan 'e easken foldwaan te litten. De saak wie foar de rjochter brocht troch omwenners. Fan 'e Rie fan Steat moast de gemeente in nij beslút nimme oer de fergunning.

De Lidl naam dêrnei maatregels. Ut nij ûndersyk die bliken dat dat net genôch is. Dêrom sil de gemeente no wol aksje ûndernimme. Boargemaster en wethâlders prate dêr meikoarten oer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)