Froeks.tv wol bylden net jaan

29 apr 2010 - 15:11

Froeks.tv wegeret fideobylden fan in fjochtpartij yn it sintrum fan Ljouwert ôf te stean oan 'e plysje. Op de bylden is te sjen hoe't slaanderij ûntstiet mei de plysje. Dy besiket in ein te meitsjen oan in groepsferbod by de Waag yn Ljouwert. In plysjeman krijt dêrby in fûstslach yn it gesicht. Froeks seit dat de bylden net har eigendom binne.

De plysje hat in foardering stjoerd om it ruw materiaal te krijen. Froeks.tv is in ynternetsite foar jongerein.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)