Wyldemerk op tydlike lokaasje

De gersdroegerij dêr't de Wyldemerk komme moat (foto: Omrop Fryslân)
De gemeente Gaasterlân-Sleat hâldt fêst oan it bestimmingsplan foar De Wyldemerk yn Harich. De Rie fan Steat karde dat ferline wike ôf. De gemeente soe net genôch fêstlein hawwe oer de tydlike festiging fan 'e skoalle.
De gemeente seit dat de húsfesting fan 'e skoalle foar probleemjongeren op in maisfjild yndie tydlik is. It fjild leit njonken it terrein fan 'e eardere gersdroegerij dêr't de kampus mooglik permanent komt. Dêrmei soe it tydlike karakter garandearre wêze.