Fjochterij yn Oerterp

29 apr 2010 - 11:03

Twa manlju fan 20 en 24 jier út Oerterp binne oanhâlden foar in fjochtpartij yn it doarp. Op 'e Postleane krige twa groepen rûzje en waarden klappen útdield. De auto fan in frou dy't besocht de partijen út mekoar te heljen waard fernield.

De fjochtersbazen binne meinaam nei it buro yn Drachten. Twa maten fan 'e 24-jierrige man woene der ferhaal helje. Ien fan harren, in Drachtster (25), koe syn rydbewiis ynleverje om't er mei drank op yn de auto ried.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)