Skuondieven pakt yn winkel
In meiwurkster fan in winkel yn Wolvegea hat woansdeitemiddei twa ynwensters fan dat plak op 'e die trapearre. Se soene skuon meinimme sûnder te beteljen.
De meiwurkster seach hoe't de froulju de skuon yn in tas diene en de winkel útgiene. Se warskôge de plysje dy't de froulju eefkes letter oanhâlde koe. De froulju hawwe op it plysjeburo in proses-ferbaal krigen.