Ynbrekkers supermerk trapearre
In ynwenner fan Ljouwert en ien fan Marsum binne woansdeitejûn trapearre by in ynbraak by in supermerk oan it Cambuurplein yn Ljouwert. In foarbygonger seach de twa doe't se in doar iepenbrutsen en warskôge de plysje. Dy koe de manlju oppakke doe't se nei de ynbraak mei har auto by de supermerk weirieden.
De ynbrekkers binne fêstset op it plysjeburo en de auto is yn beslach naam.