Steuring yn strjitferljochting

28 apr 2010 - 22:52

It wie woansdeitejûn donker yn in grut part fan Fryslân. Troch in steuring yn in moadum op De_Lemmer die in grut part fan de strjitferljochting yn Fryslân it net. Under oare yn de gemeenten Smellingerlân en Hearrenfean wiene de lampen út.

Mei help fan in alternative metoade koene de ljochten omtrint 10 oere dochs oanset wurde. Netbehearder Liander is dwaande it moadum te reparearjen. Al mei al hat de steuring in goed oere duorre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)