Fr-diel wol minder regels

De ynwenners fan de gemeente Frjentsjerteradiel kinne fan tongersdei ôf sizze hokker gemeentlike regels der neffens harren fuort kinne of oanpast wurde moatte. Se kinne dat dwaan fia in digitaal loket.
De gemeente wol dêrmei de regeldruk ferminderje. Se hoopje mei de aksje ynformaasje te krijen oer tsjinstridigens of ûndúdlikens yn de gemeentlike regels. De ideeën dy't oanlevere wurde, moatte wol foldwaan oan de wet.