Untromming goed ferrûn

De ûntromming fan goed 50 hûzen by de Ljouwerter fleanbasis is sûnder problemen ferrûn. Sa'n 150 bewenners fan Bitgum, Marsum en Ingelum moasten woansdei foar tsien oere har hûs út.
Woansdeitemiddei wurde yn it gebiet fjouwer bommen ûnskealik makke. Dy lizze der sûnt de Twadde Wrâldoarloch. Ut foarsoarch moasten de omwenners har hûs út. Mei in briefke foar it rút dat se út de wenning wiene, koe de plysje dat kontrolearje. De plysje bliuwt der om ynbraken foar te kommen.