50e namme bekend De Oerfal

28 apr 2010 - 11:22
  • Joop Feller

It Fersetsmuseum Fryslân hat de list kompleet mei minsken dy't yn 1944 frijkamen by de oerfal op de Blokhúspoarte yn Ljouwert. Begjin desimber waarden doe 50 finzenen befrijd troch it ferset. De nammen fan 49 finzenen wiene al bekend.

It Fersetsmuseum hat no útfûn dat de 50e Joop_Feller wie, dy't yn de oarloch ûnderdûkt siet yn Burdaard. It museum kaam achter syn namme troch in foto dy't it koartlyn fan him krige.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)