Harnzer (42) yn nekke stutsen

28 apr 2010 - 10:11

In man (42) út Harns is tiisdeitejûn yn de nekke stutsen troch in oare Harnzer (27). De twa hiene rúzje yn de Prinses Beatrixstrjitte yn Harns. Tsjûgen bellen de plysje en fertelden dat in man delstutsen wie.

De plysje fûn it slachtoffer yn syn eigen hûs. Hy is mei in ambulânse oerbrocht nei it sikehûs. De fertochte is letter yn in oar hûs oanhâlden. Underweis nei it buro bedrige er de plysjes noch. De man sit fêst op it buro. It slachtoffer hat oanjefte dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)