Grou: mooglik oare besunigings

28 apr 2010 - 06:52

Der wurdt yn Boarnsterhim mooglik minder besunige op it sosjaal kultureel wurk as dat boargemaster en wethâlders foarstelle. Dy wolle in besuniging fan 4,8 miljoen ûnder oare helje by de biblioteek, de sport, it muzykûnderwiis en it jongereinwurk.

Yn de riedsgearkomste fan tiisdei die bliken dat de rie mooglikheden sjocht om op oare wizen te besunigjen. Dêr wurdt kommende moandei oer fierder praat, op 11 maaie wurdt in definityf beslút naam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)