Minder hoantsen yn Fryslân

28 apr 2010 - 06:31

It tal hoantsen dat Fryslân oandocht rint hurd werom. Ferline jier makken noch mar 5.000 kemphanen in tuskenstop yn ús provinsje, wylst dat der fyftjin jier lyn tsien kear safolle wiene.

Neffens ûndersikers is de legere grûnwetterstân de oarsaak. Omdat der dêrtroch minder wjirmen yn de grûn sitte is der minder fretten foar de hoantsen. Dy meitsje no as alternatyf in tuskenstop yn Wyt-Ruslân. Dêr is de sitewaasje yn de greiden sa't dy fyftich jier lyn yn Fryslân wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)