'Kafees net om 2 oere ticht'

Fryske kafees en diskoteken moatte net al om twa oere ticht. Dat docht bliken út in enkête ûnder jongeren út Ljouwert en omkriten. De enkête waard hâlden troch brânsjorganisaasje Horeka Nederland, tiisdei op it Friesland College.
In mearderheid fan de jongeren fynt dat jongeren net minder alkohol drinke as kafees earder tichtgeane. Oer in eventuele ferheging fan de leeftyd wêrop't jongeren alkohol drinke meie is mear ferdieldheid.