Caparis wol ek administratyf

27 apr 2010 - 21:10

Caparis wol net mear allinnich wurk dwaan lykas ynpakke, skoffelje en post besoargje. De sosjale wurkfoarsjenning wol ek minsken oan administratyf wurk helpe.

Yn earste ynstânsje wol Caparis by lytse bedriuwen oan de slach om papierwurk te dwaan. Caparis docht de sosjale wurkfoarsjenning yn acht gemeenten, rûchwei tusken Ljouwert, Drachten en It Hearrenfean. Der wurkje hast 3000 minsken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)