Marit Bouwmeester komt los

Marit Bouwmeester is yn har tredde race by de wrâldbeker yn Hyeres op in kreas twadde plak einige. Under drege omstannichheden, it waait amper yn Súd-Frankryk, moast se yn har Laser Radial ek noch in strafrûntsje draaie. Nei de swarte flagge diskwalifikaasje op de earste dei, folge troch in 14e plak, klimt de Wartenster nei it 35ste plak.
Brechtje van der Werf moat yn it matchracen mei Renee Groeneveld en Annemieke Bes fia de werkânsing in plak by de bêste acht sjen te krijen.