Ekstra kontrôles Trekwei

27 apr 2010 - 20:32

De plysje kontrolearret de kommende tiid ekstra op de Trekwei, de dyk tusken Dokkum en Kollum. Automobilisten ride faak fierstente hurd oer dizze dyk.

Op de Trekwei is 60 kilometer yn de oere tastien, mar de plysje mjit geregeld snelheden fan om de 100 kilometer yn 'e oere hinne. Mei ekstra kontrôles hopet de plysje dat automobilisten stadiger ride. Se kontrolearje de kommende wiken yn opfallende plysjeklean mei in lasergun.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)