De Ried net bliid mei VVD

De Ried fan de Fryske Beweging is net te sprekken oer it ferkiezingsprogramma fan de VVD. Dêryn seit de partij dat der by de provinsjes gjin plak is foar taal en kultuer. In moasje om in útsûndering te meitsjen foar minderheids- en streektalen helle it net.
Neffens de VVD kinne taal- en kultuer better by de gemeenten en it Ryk ûnderbrocht wurde. De Ried is benaud dat soks ta fersnippering liede sil.