Jongbloed ûndernimmer 2010

27 apr 2010 - 19:19

Jongbloed BV fan It Hearrenfean hat de titel Fryske ûndernimmer fan it jier 2010 wûn.

Yn in live-útstjoering op Omrop Fryslân tillevyzje brochten sawol sjuery as publyk harren stim út op de nominearden. Neist de drukkerij wiene ek ynkassospesjalist Incassade út Ljouwert en spuiterij Elzinga fan Jirnsum nominearre. Uteinlik krige Jongbloed BV de measte punten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)