Druk op fleanbasis nimt ta

27 apr 2010 - 17:39

De druk by it personiel fan 'e fleanbasis Ljouwert wurdt hieltyd grutter. Se moatte mear dwaan, wylst se der minder jild en oare middels foar krije. De grins is hast berikt om it wurk noch goed dwaan te kinnen. Dat seit kommandant Anton den Drijver, dy't tiisdei ôfskie naam.

Mei in soad militêr fertoan droech Den Drijver it kommando oer oan 'e nije kommandant Dennis Luyt. Der stiet de nije kommandant gjin maklike taak te wachtsjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)