Dûmny ropt op ta kalmte

27 apr 2010 - 17:31

Dûmny Kraan fan Burgum ropt jongeren op om de dea fan Redmar Smedema net te wrekjen. Geweld is net de oplossing, sei de dûmny moandeitemiddei by de begraffenis. Kraan hie fan ferskate kanten heard dat guonts har wrekje woene. De famylje Smedema ropt ek op ta kalmte.

Wêr't de jonge krekt oan stoarn is, hâldt de plysje geheim út respekt foar de famylje en yn ferbân mei it ûndersyk. Smedema stoar ferline wike snein nei fjochterij yn disko Club Q.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)