Caparis: 7 ton winst

27 apr 2010 - 13:41

Caparis hat oer 2009 goed 700.000 euro winst makke. Dochs hie ek de sosjale wurkfoarsjenning noch wol lêst fan 'e ekonomyske krisis. De omset yn de yndustry lei yn 2009 noch leger as yn 2008, mar it tal opdrachten fan gemeentes en de begelieding fan minsken nei de arbeidsmerk groeide wol.

Caparis hat de lêste jierren in soad fernijings ynfierd en is no ek aktyf yn de postbesoarging, hoareka en de soarchferliening.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)