Yllegaal konteners himmelje

27 apr 2010 - 10:04

Yn Harns hat in man út Swolle (19) fan de plysje in bekeuring krige om't er sûnder fergunning kontrakten foar it himmeljen fan konteners ferkocht. De plysje waard tipt oer kolporteurs dy't dwaande wiene yn 'e havenstêd. Doe't de 19-jierrige gjin fergunning sjen litte koe foar it hûs-oan-hûs ferkeapjen fan skjinmakkontrakten is er oanhâlden.

Neist in bekeuring is ek it bedriuw dêr't de man foar wurke op 'e hichte steld fan 'e kwesje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)