Meiprate oer Nij Saailân
De gemeente Ljouwert jout elkenien de kâns op mei te tinken oan de ynrjochting fan it Saailân yn de binnenstêd. Fia in enkête op www.nieuwzaailand.nl kinne belangstellenden oanjaan wat se fine fan de trije basismodellen fan it plein, dy't makke binne troch in stêdeboukundich buro.
De modellen jouwe yn haadlinen oan hoe't it Saailân der yn de takomst útsjen kin.