Beammen ferpleatst foar As

26 apr 2010 - 20:27

Troch de oanlis fan de Sintrale As, de nije dyk fan Nyegea nei Dokkum, moatte 33 iken en in tal oare grutte beammen by Sumarreheide ferhúzje nei in oar plak. De operaasje wurdt útfierd troch in saakkundich bedriuw út Baarn.

De beammen wurde dizze wike preparearre foar de ferpleatsing dy't pas fan 't hjerst wêze sil. Dêrfoar wurde se snoeid en wurde de woartels trochseage. De beammen komme wer op in oar plak oan 'e Sintrale As te stean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)