Jildpine kristlik ûnderwiis

26 apr 2010 - 16:47

Troch in gat yn de wet komt de nije kristlike basisskoalle de Burcht op It Hearrenfean yn de finansjele problemen. De skoalle is al hast in jier iepen en hat noch noait jild krigen fan it Ryk. Elke skoalle hat in bekostigingsnûmer mar troch in gat yn de wet hat De Burcht dat net.

Direkteur Mooiman hie by Twadde Keamerleden oantrune op oanpassing fan de wet. Dy fine dat de problemen fan de skoalle lykwols gjin prioriteit hawwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)