Foppe nimt it op foar Riemer

26 apr 2010 - 16:05

Foppe de Haan fynt dat Hearrenfean Riemer van der Velde in belangriker rol jaan moatten hie. Dat seit De Haan as reaksje op de perikelen by Hearrenfean. De âld-Hearrenfeantrainer fynt dat de direksje te min oan Van der Velde tocht hat neidat dy ophâlden wie as foarsitter.

"Riemer is ien fan de bêste skouts fan Europa", sa seit De Haan. Boppedat, sa fynt De Haan, waarden Van der Velde en hy te min om advys frege troch it hjoeddeiske bestjoer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)