Ljouwert begjint himmelaksje

26 apr 2010 - 15:57

Ljouwert pakt it swerfôffal oan. Mei ynset fan alle iepenbiere tsjinsten en de help fan 200 skoalbern is Ljouwert mei in grutte himmelaksje begûn. Swerfôffal stiet ek yn Ljouwert heech yn de lanlike argewaasje-top-10.

Mear as 30 persint fan alle ynwenners ergeret him bot oan alle smoargens op strjitte. Dêrom is moandei begûn mei in grutte himmelaksje. Yn gearwurking mei wenningboukorporaasjes, reinigings-tsjinsten en skoalbern wol Ljouwert it belang fan in skjinne stêd sjen litte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)