Aksje tsjin sluting Parnas

Aksje om Parnas iepen te hâlden
Meiwurkers, kursisten en âlders protestearje dizze wike tsjin de foarnommen sluting fan it Ljouwerter keunstesintrum Parnas. Yn it nije kolleezjeprogram wurdt in streek set troch de subsydzje, sa waard freed dúdlik.
Moandeitejûn sil in groep meiwurkers fan Parnas de saak oan de oarder stelle yn it frage-oerke foar boargers en woansdeitejûn wurdt foarôfgeand oan de gemeenteriedsfergadering in grutte protestaksje hâlden foar it stedhûs.