Minder publyk by It Brûst

26 apr 2010 - 13:35

Op It Brûst-teaterfestival fan Tryater binne minder minsken ôfkaam as it toanielselskip sels ferwachte hie. It Brûst is de ôfrûne moanne hâlden op njoggen plakken yn de provinsje. It festival bestie út trije teaterstikken wêrút besikers kieze koene. De grutste foarstelling, Diplodocus Deks, lûts minder minsken as ferwachte.

Neffens artistyk lieder Judkovskaja hat dat mooglik te krijen mei de foarm fan it stik en in te grut tal oare aktiviteiten op it festivalplak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)