Soad bijen dea troch foer

26 apr 2010 - 13:24

Tsientûzenen bijen fan ferskate grutte en lytse ymkers yn Fryslân binne dea gien. Dit kear is it gjin mystearje hoe't de bijen dea rekke binne. De oarsaak is ferkeard foer fan in leveransier út België. Yn dizze sûkeroplossing soe in te hege konsintraasje fan de stof HMF sitte en dat is deadlik foar de bijen.

Dizze wike sil it bedriuw út België mei de ymkers om 'e tafel om oer in eventuele skeafergoeding te praten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)