Sensoor Keninginnedei berikber

Minsken dy't op Keninginnedei fragen ha oer it drama op 30 april ferline jier, kinne de hiele dei belje mei Sensoor Fryslân. Dat is in tsjinst dy't 24 oeren deis berikber is foar minsken dy't ferlegen sitte om in praatsje of har ferhaal kwyt wolle.
Sensoor waard op Keninginnedei ferline jier en de dagen dêrnei in soad belle troch minsken dy't prate woene oer de skokkende bylden. Keninginnedei waard ferline jier fierd yn Apeldoorn.