Frachtwein kantele op A7

Foto: Martin Nuver
De A7 tusken Grinslân en Drachten is nei de spits in oardel oere ôfsletten om in kantele frachtwein te bergjen. Ferkear wurdt fan healwei tsienen ôf omlaat oer Boerakker en Fryskepeallen.
De moarnsspits rjochting Fryslân hat moandei in soad hinder hân fan de kantele frachtwein by Marum. Bergers hiene de frachtwein - laden mei beferzen hin - oan 'e kant lutsen, sadat it spitsferkear wol oer de linkerrydbaan koe.