Guerilla Gardeners yn Grou

25 apr 2010 - 15:44
  • De nachtlike aksje fan 'e Grouster Guerilla Gardeners
  • En it resultaat fan de aksje oerdei....

Berne-opfang de Pipermúskes yn Grou hat sûnt sneon in nij plantsoen. Leden fan GrienLinks ha dat as de Guerilla Gardeners oanlein. GrienLinks beseach ferskate plakken yn Boarnsterhim dy't in griene opknapbeurt fertsjinje. Dit plak is geskikt omdat bern en personiel no yn in omjouwing sitte mei, struken, planten en blommen.

Dit jout neffens de partij kleur tusken al it stien en beton. Wa't it plantsoen ûnderhâlde sil moatte de Guerilla Gardeners noch regelje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)