Bente wint SjONG 2010

25 apr 2010 - 14:58

Sjongeres Bente, in learlinge fan it Bogerman College yn Snits, wûn sneon jongeren-sjongfestival SjONG yn Dokkum. Bente makke in soad yndruk op sjuery en publyk mei Lúster, har ferzje fan it nûmer Listen fan Beyoncé. Zebras can fly fan it Dockinga College waard twadde mei In moaie simmerdei (Jenny, don't be hasty) fan Paolo Nutini.

Amerens Jongsma fan Simon Vestdijk waard tredde mei Goudgiel maitiidsfjild (Fields of gold).

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)