Famke ferwûne nei sprong
Yn Easterwâlde is sneontemiddei in famke (4) ferwûne rekke nei in sprong fan de skommel. It famke wie op de Kringgreppelstrjitte hiel hurd op de grûn bedarre. Fanwege mooglike ferwûnings oan har skonken waard ek de traumahelikopter alarmearre.
De ambulânsemeiwurkers wisten it famke te stabilisearjen, wêrnei't se mei de ambulânse oerbrocht waard nei it sikehûs yn Assen.