Boalserter drankrider botst

25 apr 2010 - 13:09

In 40-jierrige ynwenner fan Boalsert is sneintemoarn oanhâlden omdat er ûnder ynfloed in oanriding feroarsake. Hy wie op de Penjumerstrjitte yn Wytmarsum tsjin in auto fan in stedsgenoat oanriden. Dêrnei besocht de man fuort te riden, mar it slachtoffer koe dit foarkomme.

Op it plysjeburo die bliken dat de man tefolle dronken hie en ek net in jildich rydbewiis hie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)