Ljouwerter jout famke klap

25 apr 2010 - 13:00

Op de Stasjonswei yn Ljouwert hat de plysje sneontemiddei in Ljouwerter (18) oanhâlden foar it slaan fan in famke. It famke (16) hie spul mei de man krigen en krige dêrnei in klap. Minsken op strjitte seagen dit en melden dit oan in pear plysjeaginten. Dy koene de man oanhâlde. It famke hat oanjefte dien.

Sneintemoarn moast de plysje yn Ljouwert in ein meitsje oan in fjochtpartij. By in kafee oan de Nijstêd soarge in Tilburger foar ûnrêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)