Man rydt troch nei ûngelok A7

Der waard ek help ynroppen fan in traumahelikopter (foto: Alex Zwart)
De plysje siket tsjûgen fan in oanriding op de A7 fan sneontemiddei by it Hearrenfean. Om 17.00 oere hinne ried in grize persoane-auto fan it merk Ford de autodyk op. Om in oanriding te foarkommen moast in op de rydstrook dêrnjonken útwike. In automobiliste (19) út Papekop op de rydstrook dêrnjonken moast ek útwike. Sy bedarre yn in slip en sloech mei de auto oer de kop.
De frou waard mei nekklachten oerbrocht nei it sikehûs.