Fermiste 15-jierrige werom

25 apr 2010 - 08:41

De 15-jierrige Jos Bijlsma fan Akkrum is sûnt sneontemiddei wer terjochte. De jonge waard sûnt freedtemiddei fermist. Hy soe fanút Ljouwert mei de bus nei hûs. Doe't er jûns noch net thús wie, skeakele de plysje Burgernet yn.

Nei in opspoaringsberjocht yn ferskate media kamen by de plysje ferskate meldings binnen. Op basis dêrfan fûn de plysje him sneontemiddei wer. Hy wie by in freon.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)