Aksje foar Frysk yn tsjerke

24 apr 2010 - 17:17
  • Dit pamflet hinget op ferskate tsjerkedoarren

De aksjegroep nije FOKA (Fryske Organisaasje foar Kulturele Autonomy) hat yn de nacht fan freed op sneon ferskate tsjerkedoarren yn ûnder oare Snits en It Hearrenfean fan in pamflet foarsjoen. Yn it pamflet mei de kop God ferstiet wol Frysk pleitet de FOKA foar mear Frysk yn tsjerke.

De FOKA neamt it 'in skandaal' dat in soad tsjerken yn Fryslân it Frysk net of mar in bytsje brûke. Der is yn Fryslân mar ien tsjerke dêr't alle wiken yn it Frysk preke wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)