Atsma earste keamerlid op list

Joop Atsma (foto: Martin de Jong)
Joop Atsma fan Surhústerfean is it earste keamerlid op de CDA-list foar de kommende Twadde Keamerferkiezings. It CDA hat op it partijkongres sneon de list definityf fêststeld.
De plakken ien oant en mei seis wurde allegearre ynnommen troch ministers en steatssiktarissen, Atsma is de heechste parlemintariër. Sander de Rouwe út Boalsert stiet op it 22ste plak en Harry van der Molen út Ljouwert op it 43ste plak. Balkenende is foar de fjirde kear listlûker