Soad neisoargers ophâlden

It ferplicht sms'en wie in grutte boarne fan argewaasje foar benammen âldere aaisikers
It Bûn fan Fryske fûgelwachters BFVW is ferline jier in pear hûndert aktive neisoargers kwytrekke. It giet fral om de wat âldere neisoargers. Reden is de strangere easken dêr't se as aaisikers en neisoargers oan foldwaan moatte, lykas it sms'e by it finen fan in aai. Hjirtroch is de nocht oan aaisykjen en neisoarch in stik lytser wurden.
It Bûn hopet dat de goed fiif tûzen neisoargers dy't oer binne de fûgelwacht wol trou bliuwe sille.