Studinten mear op staazje

23 apr 2010 - 22:00

Studinten dy't Miljeukunde studearje oan it Van Hall Larenstein yn Ljouwert sille de kommende jierren noch folle mear yn de praktyk wurkje. Dat is alteast de doelstelling fan de skoalle. De ferwachting is dat studinten faker by grutte projekten yn Fryslân ynset wurde om mei te wurkjen.

It giet dan bygelyks om staazjeplakken by wetterynstitút Wetsus yn Ljouwert. De oplieding bestiet dit jier 25 jier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)