Parnas wol sels besunigje

23 apr 2010 - 21:23

Sintrum foar de keunsten Parnas yn Ljouwert komt mei in eigen plan om te besunigjen. Hjirmei hopet it sintrum de plannen fan de gemeente op te kearen. Freed makke it kolleezje fan B en W fan Ljouwert bekend dat Parnas oer twa jier gjin subsydzje mear krijt en dat de kultuer yn de stêd op 'e skeppe giet.

De kursussen wurde dan net mear yn ien gebou jûn, mar op ferskate plakken yn de stêd. Parnas ferdwynt hjirtroch en dat besparret njoggen ton.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)