Gjin jild foar skoallen Smell.

23 apr 2010 - 21:09
  • Der is foarearst gjin jild foar ynvestearrings yn skoalgebouwen

Yn de ûnderhannelings oer in nij kolleezje yn de gemeente Smellingerlân is dúdlik wurden dat der gjin jild mear is foar de oanpak fan in oantal skoalgebouwen. De PvdA, CDA, VVD en ChristenUnie sitte om tafel om ta in kolleezjeprogramma te kommen.

Nei it Liudger moatte ek it Gomarus, it RENN4 basisûnderwiis en skoallen yn de doarpen oanpakt wurde. Yn totaal soe dat 40 miljoen euro kostje moatte. De partijen sykje no nei senario's om de skoallen dochs op te knappen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)