Wettertaksys doopt yn Harns

23 apr 2010 - 17:09

Yn Harns binne freedtemiddei trije nije wettertaksys doopt. Rederij Wagenborg sil mei de troch de Harnzer skipswerf Dykstra boude taksys hinne en wer farre fan Holwert nei It Amelân en fan Lauwerseach nei Skiermûntseach.

De flugge boaten dogge der 20 minuten oer. Der kinne 12 minsken oan board fan in wettertaksy. In kaartsje kostet 25 euro. Wa't allinnich fart moat foar fjouwer stuollen betelje. De taksys farre fan seis oere moarns oant tolve oere jûns.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)