Ljouwert: miljoenen besunigje

23 apr 2010 - 16:56

De gemeente Ljouwert wol de kommende jierren 12 miljoen euro besunigje. Fral yn de eigen amtlike organisaasje sil snijd wurde. Der geane 80 oant 100 arbeidsplakken ferlern. Twongen ûntslaggen wurde útsletten.

Dat stiet yn it kolleezjeprogramma, dat freedtemiddei presintearre is. Ek kultuer- en wolwêzensynstânsjes yn Ljouwert wurde finansjeel oanpakt. Sa giet it sintrum foar keunst- en muzykedukaasje Parnas ticht. Dat moat in besuniging fan 9 ton opsmite.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)