Weening start wol yn Luik

23 apr 2010 - 16:22

Hurdfytser Pieter Weening fan 'e Harkema docht snein mei oan de klassiker Luik-Bastenaken-Luik. Hy ferfangt by de Rabobank-ploech de sike Koos Moerenhout. It is foar Weening de earste grutte klassiker fan it jier.

Ofrûne woansdei miste Weening noch de Waalske Pijl. Troch de problemen yn de loftfeart yn ferbân mei de Yslânske jiskewolk, koe hy net op 'e tiid út Spanje weikomme. Weening hie dêr fjouwer wike op trainingskamp west.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)